Boargemaster Buma slút wenningen fanwege drugs: 3 moanne net tagonklik

27 feb 2020 - 17:15

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat tongersdeitemiddei twa wenningen foar trije moanne sluten fanwege drugs. It giet om in wenning oan De Anjen en de Wismastate.

Hennepkwekerij - Foto: Pixabay

Yn beide wenningen hat de plysje earder al in himpkwekerij oantroffen mei guod dat brûkt wurdt foar it kweken fan himp, lykas koalstoffilters, groeimiddelen en fentilatoaren. Yn de wenning oan De Anjen trof de plysje no 58 planten oan, by dy oan de Wismastate 147 planten.

As softdrugs yn in wente oantroffen wurdt, mar ek as der guon foarwerpen of stoffen oantroffen wurdt dy't bestimd binne foar berops- en bedriuwsmatige of grutskalige himpkwekerij, hat de boargemaster it foech de wente te sluten. Dat stiet yn de Opiumwet.

(advertinsje)
(advertinsje)