Hongersneed ûnder skriezepiken yn Fryslân troch te min ynsekten

27 feb 2020 - 17:10

Der is hongersneed ûnder de skriezepiken en dêrtroch wurde der net genôch piken grut genôch om sels jongen te produsearjen. Dat docht bliken út nij ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins ûnder jierliks in tûzen piken by de Iselmarkust en Súdwest-Fryslân.

Skries yn in blomrike greide - Foto: Remco de Vries

De earste resultaten binne tongersdei bekend makke op de provinsjale greidefûgelkennisdei op De Jouwer. It docht bliken dat it probleem oeral spilet. Foar it yn stân fan hâlden fan de soart makket it úteinlik net it measte út oft de piken no grut wurde yn de Skriezekrite Idzegea of yn in yntinsiver brûkte greide. Der sitte wol mear skriezen yn reservaten, mar as de piken net genôch te iten hawwe, smite ek dy gebieten net genôch geslachtsripe fûgels op om de populaasje groeie te litten.

Dat betsjut net dat de hjoeddeistige maatregels om skriezen te helpen neat úthelje, mar wol dat dy maatregels oanrinne tsjin in folle grutter probleem: de hongersneed troch te min ynsekten. Fan dy ynsekten binne de piken ôfhinklik, want dat is wat sy frette.

Skries yn it boerlân - Foto: Omrop Fryslân

Undersiker Egbert van der Velde fan de Ryksuniversiteit Grins: "Wy sitte dêr no eins op it maksimale wat oan behear funksjoneel is. Ekstra behear smyt dus gjin ekstra rendemint oan piken op. Dat komt puer omdat der eins hongersneed is ûnder dy piken. Der moat gewoan oanfoljend behear komme om dy hongersneed te ferhelpen."

In reedlik ienfâldige maatregel is it langer wiet hâlden fan plasdrasgebieten, ek nei 15 juny. De piken binne op dy datum noch lang net sterk genôch en moatte trochfrette kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)