Plan foar nije frije klasse moat Strontrace mear dielnimmers opsmite

27 feb 2020 - 17:00

Der moat in frije klasse komme yn de Strontrace. Dat fine skippers en it bestjoer fan Vereniging Zeilvracht dy't de race organisearret. Yn de frije klasse jilde alle regels krekt as by de oare klassen, mar komt der in ferromming wat it tal bemanningsleden oanbelanget.

Foto: Bram Romkema

It bestjoer en in tal skippers hawwe om tafel sitten om te praten oer it tal dielnimmers fan de ôfrûne jierren en hoe't dat better kin. "We ha it gefoel dat der wat mear libben yn de brouwerij komme moat", fertelt skipper fan de Sterke Jerke, Pieter Jilles Tjoelker. Hy waard ferline jier twadde yn de lichte klasse. Yn dy klasse diene doe seis skippen mei en moast er it ôflizze tsjin Bas Krom mei de Verwisseling.

"We ha sjoen nei wêr't de measte minsken op ôfheakje", fertelt Tjoelker. It ombouwen fan it skip kostet in soad tiid, mar ek in soad jild. "En je binne it net mear wend om mei syn fjouweren of fiven op in skip te farren. En dat dei en nacht troch".

De organisaasje kin him dêryn fine. "Het moet toegankelijker worden voor schippers", fertelt Renee van Hasselt fan Vereniging Zeilvracht. Op 11 maart sil it plan foarlein wurde op de algemiene ledegearkomste fan de feriening.

De Sterke Jerke en de Verwisseling troch de brêge - Foto: Omrop Fryslân, Afke Boven

Belangstelling

Oft der belangstelling foar de frije klasse is, is noch net goed te sizzen. "Ik ha it sels noch net heard, mar ik ha it der ek noch net mei skippers oer hân", seit Tjoelker. De komst fan it sylseizoen sil er wol brûke om by skippers te lobbyen foar de race. "We wolle seker dat der mear skippen oan meidogge. Der sit in hiele organisaasje achter. No moatte dei en nacht brêgen iepen foar mar seis skippen. Dat is eins te min".

Foar it "echie"

Tjoelker sil sels net meisile yn de frije klasse, no't er ferline jier mei de Sterke Jerke meifear mei in bemanning fan fjouwer. "Dat soe net foar it "echie" mear wêze. Je moatte wol de útdaging hâlde." Hy hopet dat de frije klasse ek brûkt wurdt as opstapke nei de 'klassike' Strontrace, mei bemanningsrestriksjes. "It is echt in ferslaving en yn de frije klasse kinne jo dan sfear priuwe".

De winner fan de frije klasse kriget gjin sulveren brijleppel. Dy bliuwt foarbehâlden oan de 'klassike' Strontracewinner.

De Beurt- en Strontrace fynt alle jierren plak mei as startplak Warkum. Dit jier sil it heve fan 10 oant en mei 16 oktober. Dielnimmers oan de Strontrace farre silend, jeiend of boomkjend fan Warkum nei Warmond en werom. Sûnder moderne snufkes.

Skipper Pieter Jilles Tjoelker fan de Sterke Jerke en Teatske de Jong fan Vereniging Zeilvracht

(advertinsje)
(advertinsje)