Ald-bewenner needopfang Ljouwert: "De eerste indruk was echt vreselijk"

27 feb 2020 - 16:26

Hoe wie it om as flechtling opfongen te wurden yn it WTC Expo yn Ljouwert? De 40-jierrige Wassim wie ien fan de flechtlingen dy't yn 2014 ûnderdak fûnen yn it gebou. Hy wennet noch hieltyd yn Ljouwert en fielt him hjir thús. As hy weromtinkt oan syn tiid yn it WTC is dat net allegear posityf.

"De eerste indruk was echt vreselijk", fertelt Wassim. "Met 650 mensen moet je samen in een grote zaal wonen onder één dak. Mijn kamertje moest ik met zeven andere personen delen. Als je wou douchen of naar de wc moest, moest je naar de andere kant van de zaal lopen. Het was niet een goede ervaring. Er was helemaal geen privacy."

Doe't Wassim it nijs hearde dat de needopfang opnij yn gebrûk naam wurdt, kamen der daliks oantinkens by him boppe. "Het was een raar gevoel. Maar ik kan nu iets voor de mensen doen. "

Wassim, âld-bewenner fan de needopfang yn Ljouwert, fertelt oer syn tiid dêr

Foto: Omrop Fryslân

Der komt in needopfanglokaasje foar asylsikers yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat waard tiisdei bekend makke. De needopfang moat plak biede oan maksimaal seishûndert minsken en komt yn de Friezenhal. De tydlike opfang yn it WTC Expo moat op 18 maart iepene wurde en rint oant uterlik 1 oktober 2020.

Wat moat no better?

Neist dat der gjin privacy wie, gongen der saken ek wol goed neffens Wassim. Hy fielde him feilich en it COA sette him yn om de situaasje sa goed mooglik te meitsjen. "Het team van het COA in Leeuwarden heeft zijn best gedaan om mensen bezig te houden met activiteiten. Dat vind ik geweldig."

Ik heb kennis over de mentaliteit van de mensen. Dat is wel belangrijk en dat mist het COA.

Wassim, âld-bewenner fan de needopfang yn Ljouwert

Wassim hat noch wol ideeën oer hoe't it dit kear better kin. "We misten iets officieels. Geef een verplichte Nederlandse les. Bereid ze goed voor op het leven in Nederland. Laat ze kennis maken met de Nederlandse cultuur. Ga met ze zitten om een plan te maken en investeer in ze."

Oft hjir ek in taak foar Wassim yn leit? Dêr is hy wol oer oan it neitinken. "Ik heb kennis over de mentaliteit van de mensen. Dat is wel belangrijk en dat mist het COA."

Ferskillende reaksjes

Yn 2015 kamen sawol tsjinstanners as foarstanners nei it WTC Expo om dêr te demonstrearjen. No, fiif jier letter, ropt it berjocht oer de needopfang wer ferskillende reaksjes op. PAL/GrienLinks stelt no foar om guon bewenners fan doe yn te skeakeljen by de opfang fan no. De PVV hat soargen oer mooglike oerlêst.

Op ynternet en sosjale media oerhearskje de negative reaksjes. Dat ferbjusteret Wassim. "Bijna alle mensen reageren negatief. Maar ik woon hier in Leeuwarden. Leeuwarden geeft mij rust. Ik ben Nederlander geworden en voel me ook Leeuwarder."

(advertinsje)
(advertinsje)