Flinke ynvestearrings nedich yn Ljouwerter kultuersektor om basis oerein te hâlden

27 feb 2020 - 15:39

Der is sawat 1,5 miljoen euro ekstra nedich om de basis fan de kultuersektor yn Ljouwert oerein te hâlden. Dat stiet yn de nije kultuernota fan de gemeente. Yn it plan binne trije senario's útwurke. De gemeenteried moat kieze wat se wolle mei de kultuer.

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan kultuer presintearre de kultuernota 'Durven en samen doen' mei de trije mooglikheden tongersdei. Op dit momint jout de gemeente 10 miljoen út oan kultuer. Dêr soe dus oardel miljoen by moatte.

Yn it earste senario bliuwe de ynvestearrings yn kultuer gelyk. Dat betsjut dat der gatten falle yn de kulturele ynfrastrukteur. Want bygelyks poppoadium Neushoorn en iepenbiere biblioteek Dbieb hawwe struktureel jild te min. It betsjut dat Neushoorn 60 prosint minder programmearje kin en net mear in folweardich poppoadium wêze kin. Ek twa grutte festivals kinne net mear organisearre wurde. "We witte noch net hokker festivals dat dan wêze soene, mar it soe desastreus wêze as de gemeente hjirfoar kiest", seit Feitsma.

Sjoerd Feitsma oer de kultuernota:

It twadde senario hat as doel om de basis op oarder te krijen en dêr is hast 1,5 miljoen euro foar nedich. Dat jild moat dan gean nei Neushoorn en Dbieb, kultueredukaasje op middelbere skoallen, de Harmonie foar bettere programearring, Tryater foar ûnder oare talintûntwikkeling, nei blockbusters yn it Fries Museum en nei jonge makkers.

Mei it tredde senario moatte de ambysjes yn it ramt fan it ferfolch op kulturele haadstêd behelle wurde. Dêrûnder falle ûnder mear fernijende festivals, it útwreidzjen fan it Fries Straatfestival, IepenUp en it ûntwikkeljen fan in lanlike hotspot foar poptalint. Dêr is dan nochris yn totaal 140.000 euro ekstra foar nedich.

De kultuernota fan de gemeente Ljouwert - Foto: Gemeente Ljouwert

Dy lêste ambysje hawwe de gemeente Ljouwert en de provinsje Fryslân wol útsprutsen. De provinsje Fryslân ynvestearret alle jierren 3 miljoen euro ekstra yn kultuer. De grutte fraach no is oft de gemeente Ljouwert dat ek dwaan wil. De gemeente hat it finansjeel net maklik troch de hege kosten op it sosjale domein.

Wethâlder Feitsma presintearret de nije kultuernota - Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Wethâlder Feitsma: "It is net sa dat hjir hielendal neat bart. Mar wy moatte wol konstatearje dat wy in soad risiko rinne yn de kontinuïteit. Bygelyks as it giet om de organisaasje fan eveneminten en festivals. Of om in oantal fan ús ynstellingen (Neushoorn of dBieb, red.). Sy binne ûnfoldwaande finansierd of ynsidinteel. Dêrtroch kinne se mar ien of twa jier foarútsjen en dat is net goed foar de bedriuwsfiering as se bygelyks ynkeapen dwaan moatte as jo in produksje of festival binne."

Dan moatte jo ek soargje dat der yn de takomst yn Ljouwert wat te dwaan is.

Wethâlder Sjoerd Feitsma

Wat binne dan de ambysjenivo's dêr't de ried út kieze moat?

"Wy sjogge foarút nei 2028. Wy hawwe de blik op de takomst set. Dêr is ferlet fan yn it kulturele fjild, mar ek by ûndernimmers yn de stêd. Hokker kant gean wy op hat de ried my yn it ferline ek wolris earder frege. Wy sjogge fierder as de ynsidinten dêr't wy alle dagen tsjinoan rinne. Wy wolle trochynvestearje op Kulturele Haadstêd 2018 en de ambysjes dy't wy hiene om mear minsken nei Ljouwert te lokjen. Dan moatte jo ek soargje dat der yn de takomst yn Ljouwert wat te dwaan is en dêr is jild foar nedich. "

As hjir neat bart, gean se wol nei Grins of Amsterdam en dat is net bedoeling.

Wethâlder Feitsma
Foto: Marc Henri Queré

As de ried kiest foar de situaasje sa't dy no is, falle der gatten. Wat hâldt dat krekt yn?

Feitsma: "Dan is der minder budzjet foar festivals en eveneminten, as dat budzjet nei 2022 net kontinuearre wurdt. It is no yndisinteel regele. Dan moat de gemeente besunigje op festivals en eveneminten. Twa gruttere dingen kinne dan net trochgean. Hokker oft dat binne, moatte wy noch besjen. Dat soe wol desatreus wêze foar de kulturele sektor hjir mar ek foar de betsjutting fan de kulturele sektor fan Ljouwert en Fryslân yn de rest fan Nederlân."

"Dan giet it ek oer banen yn dizze regio en oer de oantreklikheid foar de eigen ynwenners. Dy fine ek dat der wat te dwaan wêze moat. As it hjir net bart, gean se wol nei Grins of Amsterdam en dat is net de bedoeling."

(advertinsje)
(advertinsje)