Minder ynbraken yn Fryslân as twa jier ferlyn

27 feb 2020 - 15:16

Yn de provinsje Fryslân is it tal wenningynbraken yn 2019 minder sterk ôfnaam as lanlik it gefal is. Yn Nederlân binne ferline jier 39.452 wenningbraken registrearre en dat is acht prosint minder as yn 2018. Yn Fryslân leit it op hast fiif prosint. De sifers komme nei foaren út in analyze dy't Independer makke hat op basis fan de meast resinte plysjesifers.

Foarbyldfoto fan in wenningynbraak - Foto: Shutterstock.com

It ôfrûne jier waarden yn Fryslân 1.255 wenningynbraken registrearre. De measten dêrfan fûnen plak yn de gemeenten Ljouwert (431), Waadhoeke (116) en Hearrenfean (104).

Tal ynbraken opfallend leech

Yn de gemeenten Skiermûntseach en Flylân leit it tal ynbraken opfallend leech, hjir waard yn 2019 nammentlik gjin inkelde kear ynbrutsen. Mar ek op Skylge en It Amelân leit it tal ynbraken frij leech, op beide eilannen is der ferline jier mar twa kear ynbrutsen.

Yn de gemeente Súdwest-Fryslân naam it tal ynbraken it measte ôf, fan 158 nei 96. Yn Waadhoeke naam it just wer it meast ta, fan 74 nei 116.

Independer hat foar Fryslân in ynteraktive kaart makke. Foar elke gemeente yn ús provinsje binne de lêste ûntwikkelingen oer ynbraken yn kaart brocht.

(advertinsje)
(advertinsje)