Maulun en Jacobs werom yn seleksje SC Cambuur

27 feb 2020 - 15:16

Robin Maulun en Jamie Jacobs komme nei blessueres werom yn de seleksje fan SC Cambuur, foar de wedstriid freed tsjin Jong PSV. Dêr stiet foaroer dat Issa Kallon en Jarchinio Antonia as oanfallers net beskikber binne. Antonia slút nei alle gedachten nije wike wer oan en Kallon hat mei in hamstringblessuere langer tiid nedich om werom te kommen.

Trainer Henk de Jong:

De ynskatting is dat dat dit by Kallon sa'n twa oan't fjouwer wiken duorje sil. Hoe't Henk de Jong de basis gearstalle sil, is noch efkes de fraach. Jacobs begjint yn alle gefallen net yn de basis. De Jong dêroer: "Der is gjin reden om in spiler oerhastich te bringen. We hawwe wol fiif wedstriden wûn hè."

Jacobs bliid mei weromkomst

Jacobs is bliid dat hy wer by de seleksje sit. "Ja, daar ben ik blij mee. Het heeft wat langer geduurd dan ik verwacht had, maar ik heb met genoegen op de tribune gezeten om ter zien dat de ploeg het goed deed." Jacobs seach ek mei belangstelling nei de wedstriid Jong FC Utrecht tsjin konkurrint Volendam. "De eerste helft heb ik gezien. Daarna zat ik in de bioscoop. Maar de laatste tien minuten heb ik wel steeds op mijn telefoon gekeken."

Jamie Jacobs is werom:

Henk de Jong hat net sjoen hoe't konkurrint Volendam ferlear fan Jong FC Utrecht. "Ik wie by de beloften tsjin Genemuiden. Ik siet mei myn soan werom yn de auto en hie tsjin him sein dat hy neat sizze mocht oer dy wedstriid. Op in bepaald momint sei hy dat it mei noch 30 sekonden te gean 2-1 wie foar FC Utrecht. Moai fansels."

Dêrnei gie de knop by de Cambuur trainer wer om. "Wy moatte ús net ryk rekkenje. Kop derby hâlde. Normaal dwaan. Fan wedstriid ta wedstriid libje. En wy hawwe neat te ûnderskatten. Ek net by Jong PSV."

(advertinsje)
(advertinsje)