Lieselot van Damme fuort as direkteur by keunstinisjatyf VHDG

27 feb 2020 - 14:05

Lieselot van Damme giet fuort as direkteur fan it Ljouwerter keunstinisjatyf Voorheen De Gemeente (VHDG). Nei sân jier sil sy ôfskie nimme. Fan maart ôf sil sy oan 'e gong as nije adviseur kultuer by Provinsje Fryslân.

Lieselot van Damme - Foto: David Vroom

It moaiste komplimint dat Van Damme krigen hat, is ientsje dy't se fan in besiker krige by de ekposysje fan Catharina Biocca. Dy sei tsjin har: "Ik heb voor het eerst in tijden weer moeten nadenken." Neffens Van Damme is dat in befêstiging dat der ferlet is oan eksperimintele tentoanstellingen yn Fryslân.

De nije direkteur fan it keunstinisjatyf wurdt Agnes Winter.

(advertinsje)
(advertinsje)