25 tips binnen oer dea Karin Grijpstra yn Koarnjum

Der binne oant no ta 25 tips binnenkaam yn ferbân mei de dea fan Karin Grijpstra. Dat hat Plysje Fryslân witte litten. De plysje docht op 'e nij in oprop foar tsjûgen om harren te melden.
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Frou Grijpstra waard sneintemoarn dea oantroffen yn in sleat njonken har hûs yn Koarnjum. Ut ûndersyk hat bliken dien dat se troch in misdriuw om it libben kaam is. Nei omtinken oan it misdriuw op telefyzje by Omrop Fryslân en yn it programma Opsporing Verzocht kamen al 15 tips binnen.
Woansdei hat de plysje mei drones ûndersyk dien yn de omjouwing fan it plak fan it misdriuw. Op útnûging fan boargemaster Buma wurde tongersdei de ynwenners fan Koarnjum en Jelsum bypraat oer de stân fan saken yn it ûndersyk nei de dea fan Karin Grijpstra.