Omrop Fryslân fiif kear nominearre foar NL Awards

Omrop Fryslân is yn fiif fan de sân kategoryen nominearre foar in NL Award. De NL Awards binne de prizen dy't elts jier útrikt wurde foar produksjes fan de regionale omroppen. De kategoryen dêr't de Omrop in kâns yn makket om te winnen binne: Eigen Nieuws, Radioprogramma, Online-project, TV-programma en Cross/transmediaal project.
Omrop Fryslân fiif kear nominearre foar NL Awards
De NL Awards wurde elts jier útrikt oan de bêste programma's fan regionale omroppen.

Eigen nijs

Yn de kategory 'eigen nijs' is Omrop Fryslân nominearre fanwege it ûndersyk nei de MSC Zoe.
Ien fan de grutste kontenerskippen fan 'e wrâld, de MSC Zoe fan Panama, ferliest begjin 2019 foar de Waadkust 342 konteners. De kusten lizze fol mei rommel út de konteners en minsken meitsje harren lilk en hawwe noed oer de grutte skipfeart op de Noardsee. Omrop Fryslân en RTV Noord ûndersochten tegearre de yndustry efter de skipfeart en konkludearren dat de kontrôle fan oerheden op it tapassen fan de ynternasjonale feiligensregels tekoartsjit. Dêrtroch kinne rampen as dizze elts momint wer barre.
De oare twa nominearre omroppen binne RTV Noord mei Gasdossier: de NAM dreigt gaskraan dicht te draaien en Omroep West mei Omroep West stelt integriteit Haags stadsbestuur aan de kaak met aangiftes tot gevolg.

Radioprogramma

Yn de kategory 'radioprogramma' is Omrop Fryslân nominearre mei de útstjoering fan Buro de Vries: 100 jier radio.
It wie in echte 'oldskool' radio-útstjoering út it doarpshûs fan Weidum. Want yn dat doarp waard eksakt 100 jier lyn de alderearste radio-útstjoering fan West-Europa makke troch Hanso Idzerda. In soad gasten kamen del yn de 'studio' fan De Vries, ûnder oaren de trije pakesizzers fan Idzerda. Ofwikseljend wie der ek in ferslachjouwer mei bydragen út bysûndere plakken yn Weidum, dy't oan Idzerda tinken dogge.
De oare nominearre omroppen binne Omroep Brabant mei de podcastsearje Ik sla mijn vrouw en Omroep Gelderland mei de podcastsearje Verstikt.

Online projekt

Yn de kategory 'online projekt' is Omrop Fryslân nominearre mei it projekt Jennifer to the Max.
It onlineprojekt Jennifer to the Max, folslein yn it Frysk, rjochtet him mei edukative ynhâld op de doelgroep 12-14 jier. De makkers wolle de wurdearring foar de Fryske taal befoarderje en relevante sosjaal-maatskiplike tema's besprekber meitsje, lykas alkoholgebrûk en seksualiteit.
De oare twa nominearre omroppen binne Omroep Brabant mei it temakanaal Achter de blauwe vaten en Omroep Gelderland mei BuitenGewoon Livestreams.
Programmamakker Geartsje de Vries by de NL Awards 2019 © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

TV-programma

Yn de kategory 'telefyzjeprogramma' is Omrop Fryslân nominearre mei it programma Europa foar begjinners.
Nei oanlieding fan de Europeeske ferkiezingen ûndersiket sjonger en presintator Emiel Stoffers de rol fan 'Europa' yn Fryslân. Reizgjend troch Europa en Fryslân siket hy antwurden op fragen as 'wat dogge Europarlemintariërs de hiele dei?' en 'wat foar subsydzjes gean nei Fryslân?' Stoffers wikselet krityske fragen ôf mei in flinke bak humor.
De oare twa nominearre omroppen binne Rijnmond mei FC Rijnmond en RTV Drenthe mei iDrentiteit X.
NL Awards © NL Awards

Cross-/Transmediaal

Yn de kategory 'cross-/transmediaal' is Omrop Fryslân nominearre mei it project De Alvestêdetocht fan Maarten van der Weijden.
Eltsenien dy't witte woe hoe't Maarten van der Weijden syn Swimalvestêdetocht swom, koe nei ien fan de platfoarms fan Omrop Fryslân gean en it dêr daalks sjen, hearre en lêze. Dat wie it idee efter, en de ambysje fan dit projekt. In maratonútstjoering fan goed 72 oeren oanien sletten live op radio en tv, plus een digitaal liveblog en in soad sosjale media-updates en livestreams. Mear as in miljoen minsken hawwe sjoen nei de 'visual radio'-útstjoering en de online kanalen lutsen likefolle besikers.
De oare twa omroppen dy't yn dizze kategory nominearre binne, binne RTV Oost mei WO2-café en Omroep Brabant mei Brabant Bevrijd.
Omrop Fryslân hat tegearre mei Omroep Brabant mei fiif nominaasjes de measte nominaasjes binnenhelle. De oare kategoryen foar de NL Awards binne 'Jong Talent' en 'Documentaire'. Yn dizze kategoryen binne der gjin nominaasjes foar Omrop Fryslân. Minister Slob rikt op 25 maart de Gouden NL Award út.