"Boeren dy't neat dogge oan greidefûgels hearre in minderheid te wurden"

Der komme gruttere gebieten dêr't it greidefûgels nei it sin makke wurdt. Alteast as it oan deputearre Douwe Hoogland leit. Hy sei dat op de jierlike greidefûgelkennisdei op De Jouwer. Boeren dy't neat foar greidefûgels dogge, moatte in minderheid wurde, fynt er.
Ljip © Shutterstock.com
"Wat my oanbelanget wol", seit deputearre Douwe Hoogland op de fraach oft boeren dy't neat foar greidefûgels dogge yn de takomst in minderheid wurde moatte. Om dy gruttere gebieten is earder frege troch de greidefûgelbeskermers, feriene yn it saneamde Olterterp-oerlis.

Jild moat fan Ryk of Europa komme

Hoogland sjocht wol kânsen om dy gruttere fûgelgebieten te kombinearjen mei bygelyks de oanpak fan de problemen yn it feangreidegebiet. It jild dêrfoar sil fan it Ryk of út Europa komme moatte, sa makke er dúdlik.
© Omrop Fryslân

Provinsjale útnûging nei Portugal

Mar ek bûten Fryslân binne der problemen. Bygelyks yn Portugal dêr't in nij fleanfjild by Lissabon ûnder oare foar de skriezen hiel min útpakke kin.
Der leit in ôfspraak om tegearre mei Vogelbescherming Nederland de hantekeningen dy't sammele wurde te oerlangjen oan de Portugeeske ambassaseur. Der binne der no al mear as 30.000 hantekeningen set.
Mar dêr bliuwt it net by. Dêrnei stjoert Hoogland in útnûging nei Portugal om de politikus dy't foar it fleanfjild ferantwurdlik is in rûnlieding te jaan yn Fryslân. Dêrmei wol er sjen litte wat de Friezen dogge om de skries te beskermjen.
© Vogelbescherming Nederland

Stienmurd

Wat dy beskerming oanbelanget, is der dit jier ek mear romte om stienmurden te bestriden. Dat is no yn sân ekstra gebieten úteinset en dat hat al 36 deade stienmurden opsmiten. Mar je moatte je dêr net te iensidich op rjochtsje, warskôget deputearre Hoogland.
Deputearre Douwe Hoogland

Fûgelbeskerming, mar ek buorkje kinne

"Alles is better as allinnich op predaasje te rjochtsjen. Wy moatte echt sjen nei biotopen en nei gruttere gebieten. It moat ûnderdiel wêze fan de bedriuwsfiering fan de boer om de greidefûgel úteinlik rêde te kinnen. En dan hawwe wy gewoan gruttere gebieten nedich. Tagelyk moat der wol buorke wurde kinne."