Heechwetter yn Fryslân: dizze boer pompt nóch mear wetter op syn lân

It hege wetter makket dit ít momint om wat oan de mûzepleach te dwaan. Dat fûn alteast boer Gerben Engwerda fan Tytsjerk. Yn stee fan it wetter op syn lân fuort te pompen hat hy der begjin dizze wike ekstra wetter op pompt. It makket syn lân noch wieter as dat it al wie. Mar dat wie dus krekt de bedoeling. De fraach is wol: helpt it tsjin de mûzen?
Boer Gerben Engwerda hat syn lân noch wieter makke:
Heechwetter yn Fryslân nij
Boer Engwerda hat in soad lêst fan mûzen. Syn greidelân liket op it each wol grien. Mar, sa seit er: "As jo yn it lân sels rinne binne der in soad keale mûzeplakken, dêr't de mûzen it opfretten hawwe."

It moat rap barre

Mei opset hat Engwerda dêrom in grut part fan syn lân ûnder wetter set. Mar helpt it? "It is ín oplossing, mar noch net dé oplossing. It kostet in soad muoite. De mûzen komme wol nei boppen, mar sykje ek wer in nij plak. Dus it it wol effektyf, dat is de fraach. It moat eins hiel rap barre, dat ûnder wetter sette. Dat is noch wol dreech, it Wetterskip kin dat ek net sa gau foarinoar krije."
© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It op it lân bringen fan wetter is net allinne goed tsjin te mûzen, seit de boer. "Der wie hieltyd noch in tekoart oan wetter yn de grûn. Aanst roppe wy yn de simmer wer om wetter. Wy moatte better neitinke hoe't wy wetter opslaan kinne."
Ferslachjouwer Wytse Vellinga by boer Gerben Engwerda