Hege need? Húske op stasjon Harns iepen fan earste oant lêste trein

27 feb 2020 - 12:22

It húske op treinstasjon Harns is sûnt ferline wike langer iepen. Reizgers hoege no net mear in kaai by de hierder fan it húske op te heljen. Se kinne der no yn troch kontaktleas te beteljen by de doar. Dat betsjut dat reizgers fan de earste oant de lêste trein nei it húske kinne yn it stasjon fan Harns.

It stasjon fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Stasjonsmanager Marco Schokker fertelt: "We zagen dat vanuit reizigers de vraag voor een toilet in bijvoorbeeld de avonduren toenam. Wij komen dit graag tegemoet door het plaatsen van deze console." Schokker doelt dêrmei op it pinkastje by de doar.

De kosten foar gebrûk meitsjen fan it húske binne fyftich sint. It húske wurdt alle dagen himmele troch de hierder fan it stasjonsgebou. It gebou sels kriget takom jier in opfrisbeurt. De bûtenkant wurdt opnij ferve en der komt in nije tagongsdoar.

Trefwurden: 
Harns húske stasjon
(advertinsje)
(advertinsje)