"Friezen moatte altyd stapke mear dwaan om serieus nommen te wurden"

"As Fries om utens hâlde jo it gefoel dat jo altyd in stapke mear sette moatte om serieus nommen te wurden." Dat sei de Fryske sjoernalist Botte Jellema yn IepenUp. Hy wurket al fyftjin jier yn Amsterdam, mar hat alle dagen te krijen mei de 'kleau' (oftewol de kloof) tusken Fryslân en it Westen fan it lân.
"Friezen moatte altyd stapke mear dwaan om serieus nommen te wurden"
As minsken syn namme hearre moat er altyd útlizze dat er net sile kin. Dat fertelde Jellema woansdei by IepenUP Live dat dizze wike oer de saneamde 'kleau' tusken it plattelân en de Rânestêd gie. "Mar folle slimmer is dat se oer it generaal dan ek noch freegje oft ik net werom wol nei it heitelân."
Jellema wurdt der suver oandien fan, as er der djipper oer neitinkt. "Immen mei Marokkaanske roots freegje jo dochs ek net oft dy werom wol. Dat is net iens tastien. Dan meitsje jo jo skuldich oan diskriminaasje".

Middenland

Neffens Josse de Voogd, sosjaal geograaf en wittenskipssjoernalist foar De Correspondent moatte Friezen harren krekt net drok meitsje om dat ferskil tusken it plattelân en de grutte stêd. Yn syn fisy is Fryslân nammentlik 'middenland'.
"Twintig procent van ons land is platteland, dertig procent bestaat uit de grote steden, maar de helft bestaat uit middenland", is syn konklúzje nei djipgeand ûndersyk.
"Hier verloopt de overgang tussen de stad en het platteland veel geleidelijker. Te groot voor de grutterswinkel, maar te klein voor een filiaal van V&D. Al is die laatste vergelijking ook alweer door de tijd ingehaald", sei De Voogd. Dochs werkende hy ek in 'minderwaardigheidscomplex' by de Friezen, wêrfoar't eins gjin reden wêze moast. "Zo blijkt bijvoorbeeld uit onderzoek dat een basisschool in Achtkarspelen de kinderen met een lager schooladvies liet doorstromen dan uit de Cito-toets was gebleken."
IepenUP live: de kloof © Omrop Fryslân

Fryske paradoks

Nettsjinsteande alles bliuwt Fryslân foar in soad Nederlanners noch hieltyd in ideale provinsje om te wenjen. Yn dat ramt wiisde dr. Marijn Molema fan it Frysk Sosjaal Planburo FSP op de 'Friese paradox'. It ûndersyksynstitút hat nammentlik oantoand dat, nettsjinsteande in leger opliedings- en leger sosjaal ekonomysk nivo, Friezen folle lokkiger en tefredener binne as de rest fan Nederlân.
Net frjemd dus dat in soad minsken nei in 'emigraasje' nei it Westen dochs weromkomme nei Fryslân. Dat wie bytiden wol wenne, sa fertelde Lutske, dy't jierrenlang yn Rotterdam wenne hat.
"Ynearsten fûn ik dat de Friezen mar seurden. Neat wie goed genôch. Nim bygelyks de fonteinen mei LF2018. Rotterdammers hiene dat machtich fûn, mar de Friezen hiene benammen krityk."
Eline en Joris binne by har ferhuzing nei Fryslân wol freonen kwytrekke. "Andersom hadden wij dat niet, maar zij vonden de afstand naar Friesland veel te ver. Bovendien vonden zij de koffie in de plaatselijke horeca ver onder nivo".
Mariska út Amsterdam, dy't trije dagen yn 'e wike yn de Fryske haadstêd wurket, fûn krekt it Fryske folk sels skuldich oan dy kleau". "Ik heb vanavond de helft van wat gezegd is niet eens kunnen verstaan, want er werd veel Fries gesproken".
Presintator Jacco de Boer neamde dat krekt de krêft fan IepenUP Live: "In iepen poadium wêrby't eltsenien de taal sprekke kin dy't er wol. Frysk- en Hollânsktaligen kinne inoar helpe om inoar te ferstean."