Steatsboskbehear knapt Vuurboetsduin op Flylân op

27 feb 2020 - 11:08

It Vuurboetsduin op Flylân wurdt fan dizze wike ôf oanpakt. Alteast, de treppen op it dún wurde fernijd, de paden wurde op 'e nij oanlein en der komme nije útkykposten op it dún dêr't ek de fjoertoer op stiet.

Foto: Shutterstock (Yvonne60)

Neffens Steatsboskbehear wie it de lêste jierren net netsjes op it dún. Net al it meubilêr op it dún wie nedich, de treppen wiene net maklik te beklimmen en de paden wiene ûnoarderlik.

Troch arsjitekteburo Le Far West is der in nije ynrjochting makke. Foar 28 april moatte de wurksumheden klear wêze. Oant dy tiid kin it wêze dat it dún wat minder tagonklik is.

Boskwachter Joeri Lamers fan Flylân

(advertinsje)
(advertinsje)