Oplossingen foar ekologyske wetterkwaliteit yn Workumer Nieuwland

Wetterskip Fryslân wurket oan oplossingen om it wettersysteem en de ekologyske wetterkwaliteit yn it gebiet Workumer Nieuwland te ferbetterjen foar no en de takomst. Mei dizze ferbetteringen beheinet it wetterskip de wetteroerlêst by ekstreme rein troch klimaatferoaringen.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn 'e mande mei belanghawwenden hat Wetterskip Fryslân socht nei oplossingen om it te ferbetterjen. Der hawwe ferskate oerlizzen west dy't laat hawwe ta it ûntwerp-projektplan Klimaatrobuuste Polders. Dit plan is ek te lêzen op de webside fan it wetterskip. Takom wike kin elkenien dit plan lêze en hjir op reagearje.

Wetteroerlêst

Wetterskip Fryslân ferbetteret de ekologyske wetterkwaliteit troch de oanlis fan natuerfreonlike oevers. Op dy wize wurdt it wetter skjin hâlden en is de streek better beskerme tsjin wetteroerlêst.
Der wurdt in ynringearkomst organisearre om de hjoeddeiske situaasje en foarstelde oplossingen te besprekken. Dat is tongersdei 5 maart fan 19.00 oant 20.30 oere yn it Kultuerhús Klameare yn Warkum.