'Kin ik noch op fakânsje?' Alve fragen oer it coronafirus

27 feb 2020 - 10:50

Kin ik noch op fakânsje? Wannear wit ik oft ik it coronafirus haw? Der komme hieltyd mear fragen oer it coronafirus. Joke Schoonbergen is spesjalist ynfeksjeprevinsje fan sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean en kin der wol wat oer fertelle.

Hoe slim it dit coronafirus?

"Der is noch net in soad bekend oer hoe besmetlik oft it is. Wy sjogge wol in soad minsken dy't de sykte krije. Mar der is noch in soad ûndúdlik oer dit firus, dus wy kinne der net in soad oer sizze."

Is it slimmer as in gewoane gryp?

"Fyn ik dreech om te sizzen, om't der noch safolle ûnbekend is. Oan in gewoane gryp kinne minsken ek ferstjerre. Ik wol net sizze dat it slimmer is, mar ik wol ek net sizze dat it minder slim is as it grypfirus."

Wat binne de symptomen?

"Minsken mei koarts boppe de 38 graden, dy't hoastje en minsken dy't yn in regio west hawwe dêr't it coronafirus foarkomt. Dy falle ûnder de kasusdefinysje."

Stel, ik haw de symptomen, moat ik nei de húsdokter?

"It is wichtich om sels nét nei de húsdokter te gean. As je tinke dat je corona hawwe is it it bêste om earst thús te bliuwen en telefoanysk kontakt op te nimmen mei de húsdokter. Mar foar allinnich hoastjen hoege je net daalks kontakt op te nimmen."

Wa rint it measte risiko?

"Yn alle leeftiidskategoryen rinne minsken it op. Mar in soad âlde minsken mei ûnderlizzend lijen dy't mear klachten ûnderfine fan it coronafirus."

Moat ik mûlekapkes en desynfeksjemiddels keapje?

"Nee hear, dat is net nedich. Goed hannen waskje mei wetter en sjippe is ek goed. Mûlekapkes drage yn it iepenbier is net nedich. Goed hoastje yn de earmtakke en papieren bûsdoekjes is wat wy as de GGD mei de sikehûzen advisearje. Dus net de reade bûsdoek yn de bûse hâlde, alle kearen in oar bûsdoekje."

Moat ik út de buert fan oaren bliuwe, binnen bliuwe of de bern thús hâlde fan de opfang?

"Nee, dat is foar no net nedich."

Kin ik op fakânsje?

"Fansels, mar hâld it reisadvys fan it RIVM yn de gaten wat dat oanbelanget."

Hoe kom ik fan it firus ôf?

"Mei tiid, je moatte der sels wer boppe op komme. As der sprake is fan in longûntstekking wurdt dy behannele, mar foar it firus sels is der noch net in behanneling."

Kin ien ferstjerre oan dit firus?

"Ja, dat kin. Mar it giet dan oer it algemien om minsken dy't al te krijen hawwe mei in ûnderlizzend lijen."

(advertinsje)
(advertinsje)