FrieslandCampina makke ferline jier wer winst nei minder jier 2018

27 feb 2020 - 10:04

De winst fan FrieslandCampina is yn 2019 mei in lytse 37 persint omheechgien nei 278 miljoen euro. Yn 2018 gie de winst noch omleech mei goed 10 persint. Wol gie de omset omleech mei 2,2 persint nei 11,3 miljard euro. Dat komt benammen troch in daling fan de oanfier fan molke mei mear as trije persint.

Benammen yn de thúsmerken fan Nederlân, Dútslân en België stiene groei en winst ûnder druk. FrieslandCampina hat de jiersifers tongersdei bekend makke.

Offallers

FrieslandCampina hie yn de twadde helte fan 2019 te krijen mei ôffallers fanwege de ûnrêst yn Hongkong. Dêrtoch gie de omset fan de business group Specialised Nutrition omleech. Ek wie der in tekoart oan it molkaaiwyt lactoferrine dat ek foar berne-iten brûkt wurdt.

Dat de oanfier fan molke minder wurden is, komt om't it tal melkfeebedriuwen dat oansletten is ôfnommen is en om't de produksje fan húsmerkprodukten dy't gjin winst opsmieten ophâlden is. Der binne hûnderten leden ferdwûn, mar neffens direksjefoarsitter Hein Schumacher is dat benammen in neiwurking fan 2018. Ek jout hy oan dat it totaal oan melkfeehâlders weromrint mei sa'n 3 persint it jier. Yn 40 jier tiid is der neffens him 75 persint opholden. De oerbliuwende 25 persint hat wol 33 persint mear molke produsearre.

Direksjefoarsitter Hein Schumacher presintearret de sifers - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Coronafirus

Direksjefoarsitter Schumacher neamt it coronafirus 'echt een hele grote zorg.' Fanwege it firus hat FrieslandCampina de doelstellingen op it mêd fan groei oanpast. Benammen yn Sina binne der op dit stuit grutte beheiningen op de merk. Ek binne der oer de hiele wrâld minder konteners beskikber. Fierder hat it bedriuw ferskate reisbeheiningen útstean foar personiel en binne der in soad maatregels om de hygiëne hinne.

Winst

Dat der wol sprake is fan winst hat te krijen mei it tanimmen fan de omset fan guon produkten lykas tsiis en jild dat Friesland Campina krigen hat út bygelyks de ferkeap fan oandielen yn Koninklijke CSK Food Enrichment. De ferkeap fan produkten as molkpoeier en bûter is minder wurden. Ek binne in tal bedriuwen oernommen yn Nederlân, Spanje en de Feriene Steaten dy't foar ekstra omset en winst soargen.

De molkpriis foar de leden-melkfeehâlders gie mei 1,4 persint omheech nei 37,95 euro foar 100 kilo molke. Yn 2018 wie dat 37,43 euro.

Stikstofproblematyk

Wat de stikstofproblematyk oanbelanget, skoot Schumacher de diskusje ôf nei it Landbouw Collectief en de polityk. "Daar ligt het primaat van de discussie, al willen we wel ondersteunen als het om expertise gaat." Dochs wiene der yn oktober boeren dy't aksjefierden by FrieslandCampina. "Dat is nooit prettig," jout Schumacher oan. Mar neffens him moatte boeren en FrieslandCampina tegearre yn de diskusje stean, om't sy inoar nedich hawwe.

Frans Keurentjes en Hein Schumacher fan FrieslandCampina - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Direksjefoarsitter Hein Schumacher fan FrieslandCampina

Foarsitter Frans Keurentjes fan de ried fan kommissarissen fan FrieslandCampina

(advertinsje)
(advertinsje)