Marit Bouwmeester bliuwt oan kop op WK Laser Radial

27 feb 2020 - 09:41

Marit Bouwmeester hat har kopposysje beholden op it WK Laser Radial yn Australië. Har resultaten yn de baai fan Melbourne wiene wikseljend: in 1e, 24e en 10e plak. Mar om't de resultaten oer it hiele fjild ek bot útinoar rûnen, bliuwt se boppe-oan stean.

Marit Bouwmeester - Foto: Topzeilen

Bouwmeester stiet 24 punten foar op de nûmer twa, Line Flem Host út Noarwegen. Sy set dus mei foarsprong útein op de lêste wedstriiddei fan it WK Laser Radial. "We hiene hjoed hiel ferskate omstannichheden. Dat soarge foar drege races en dêrtroch ek ferskate resultaten yn it fjild", sei Bouwmeester. "Ik hie sels ek in drege dei mei in pear ûngelokkige besluten. De earste race wie ik dominant en dy wûn ik ek, mar yn race twa en trije hie ik it wat dreger. Mar we ha ús bêst dien om de skea sa lyts mooglik te hâlden."

Mirthe Akkerman fan Akkrum bliuwt mei in 9e, 35e en 12e plak op it 19e plak yn de ranglist.

Freed binne de lêste trije races. Dêr wurdt minder wyn ferwachte. De grutte foarsprong fan Bouwmeester kin freed wol lytser wurde, want dan meie de sylsters in twadde min resultaat skrasse.

(advertinsje)
(advertinsje)