FIDEO: Giet Femke Faber mei LDODK nei de play-offs?

27 feb 2020 - 09:25

De Kuorbal League hat yn jierren net sa spannend west. Noch sân teams binne yn de race foar fjouwer plakken yn de play-off. Der komme noch trije duels, foar LDODK noch trije finales. De Gordyksters steane op it fiifde plak. Sneon waard de lêste striehalm pakt troch in oerwinning yn Papendrecht op koprinner PKC. Mar foar de play-offs moat der noch ien ploech ynhelle wurde.

Femke Faber naam ferline jier ôfskied fan it topkuorbaljen, mar is nei ôfwêzigens fan sân moanne werom yn it earste team. Sy waard mei sân goals topskoarder tsjin PKC. Faber hat goeie hope dat de Top 4 noch helber is.

De striid om it fjirde plak giet tusken Fortuna, KZ en LDODK:

LDODK spilet noch tsjin Groen Geel, Blauw Wit (A) en TOP (S)

KZ spilet noch tsjin PKC, Groen Geel en Blauw Wit (A)

Fortuna spilet noch tsjin DVO, DOS'46 en Tempo

Stân Kuorbal League mei noch 3 duels te gean

Stân Kuorbal League Duels Punten
1. PKC (Papendrecht) 15 22
2. TOP (Sassenheim) 15 21
3. Fortuna (Delft) 15 20
4. KZ (Koog aan de Zaan) 15 20
5. LDODK 15 18
6. DVO (Bennekom) 15 17
7. DOS'46 (Nijeveen) 15 16
8. Blauw Wit (Amsterdam) 15 10
9. Groen Geel (Wormer) 15 4
10. Tempo (Alphen a/d Rijn) 15 2
Foto: Freark Wijma, Omrop Fryslân

LDODK spilet sneon yn sporthal Koartsweagen tsjin Groen Geel yn Wormer. It duel begjint om 20.00 oere, en is live te folgjen fia in ekstra sportútstjoering op Omrop Fryslân radio.

(advertinsje)
(advertinsje)