Fryske gemalen draaie maksimaal tsjin wetteroerlêst

Wetterskip Fryslân set alle middels yn om de wetteroerlêst te beheinen. De poldergemalen draaie op folle krêft, it Hooglandgemaal (Starum) en it Woudagemaal (De Lemmer) pompe wetter nei De Iselmar en de lytsere gemalen by Swarte Hoanne, Roptasyl en De Heining pompe wetter nei de Waadsee.
Fryske gemalen draaie maksimaal
De gemalen draaie allegearre op maksimale kapasiteit en de wetterstân yn de boezems sakket. Dat komt ek troch de spuikapasiteit fan de Cleveringslûzen.

Meldingen

By it wetterskip komme noch wol meldingen oer de hege wetterstân en oerlêst dêrtroch. It wetterskip seit dat der lokaal ekstra maatregels nommen wurde as dat nedich is. Sa kin der begelyks tydlik wetter opfongen wurde yn polders en natuergebieten.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma

Ferwachting

De ferwachting is dat it wetterpeil de kommende dagen sakket omdat der minder reinwetter ferwachte wurdt. Yn it wykein komt der wol wer in soad reinwetter op ús ta. Gemalen wurkje dêrom noch op folle krêft troch.