Kollum: "Reinbôgeflagge diel III"

27 feb 2020 - 08:18

"De Drachtster Boys hawwe dizze wike de reinbôgeflagge omheech lutsen, de flagge dy't stiet foar de mienskip fan lesbiënnen, homo's, biseksuelen, transgenders, yntersekseminsken en noch in tal seksuele en genderidentiteiten. Oftewol LHBTI+, oftewol de reinbôgemienskip. Tiisdei wie it yn Drachten safier, want de Boys dêr wolle de akseptaasje fan ferskaat yn it fuotbal kenber meitsje.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

Op dit plak, yn de kollum yn Fryslân fan 'e moarn, hat kollega Eelke him woansdei negatyf útlitten oer it omheech lûken fan deselde reinbôgeflagge op ús Provinsjehûs. Nynke hie dêr moandei al in prachtich wjerwurd op, mar ik wol it der noch efkes oer hawwe. Om't ik net tink dat Eelke it snapt en ik dizze wize fan net-snappen al myn hiele libben tsjinkom as homo.

Eelke liket my net homofoob, alteast, net sa't wy it kenne fan freonen fan Forum voor Democratie - leafhawwers moatte mar ris googleje op Europese Conservatieven en Hervormers - en fan de SGP. En en wol fan Denk, PVV en it CDA trouwens. Der binne yn Nederlân in soad minsken dy't LHBT'ers wol akseptearje, mar allinnich ûnder betingsten. En nee, dat binne net allegearre moslims, en ja, dat is ûndersocht. Wer foar de leafhawwers: besjoch de twajierlikse LHBT-Monitor fan it Sociaal en Cultureel Planbureau. In betingst dy't faak neamd wurdt is: homo, prima, salang't se mar fan my ôf bliuwe.

Sa'n útspraak ymplisearret dat alles en eltsenien oan je sitte mei, mar homo's net. Wat is it boadskip? Dat je eigen seksualiteit sa fragyl is dat de oanrekking troch in homo fan alles yn 'e war skopt? Of dat je deadsbenaud foar homo's binne? Dat it wat betsjut as in homo je oanrekket? En benammen: dat it in minne saak is? It is in ferhoalene homofoby, en homofoby is eangst foar homo's en dat slacht fansels hielendal nearne op. It betsjut allinnich mar dat it wier is: der wurdt op homo's delsjoen, meastentiids út ûnbekendens. Wie der mar wat dat LHBT+ wat mear sichtber makke yn it deistich libben, lykas hetero's altyd en oeral binne, in flagge of sa.

En dêrom, Eelke, betsjut it dus al wat as der in reinbôgeflagge earne wapperet. Sa't Nynke al sei is it wichtich dat dy flagge op it Provinsjehûs wapperet mei de Rôze Sneon, mar ek dat er by de Drachtster Boys boppe de poarte hinget. Nynke hat ek hielendal gelyk dat it beskamsum is dat ús provinsje de lêste yn Nederlân is dy't net in reinbôgeprovinsje is, en dat it ûnbegryplik is dat dit foar ús deputearren sa yngewikkeld is. Ik gean noch fierder: se kinne in traap ûnder harren kont krije, regelje dit, ferjamme!

Want, Eelke, dit giet al earne oer. Sipke Jan Bousema, dy't troch dy fuortsetten wurdt as skriemende Fries mei in soad ynfloed yn Hilversum, set no alle seilen by om it regele te krijen. En dêr fertsjinnet er alle lof foar. Eelke stelt dat it symboalpolityk is, dat it pûdsje mei jild in ôfkeap is om fierder neat te dwaan oan it skellen mei 'homo' op ús fuotbalfjilden. No, Eelke, mei ik dy wat útlizze oer symboalen en wat dy betsjutte?

Wat tochtsto derfan om de Fryske flagge fan 'e middei tegearre fan it Provinsjehûs te heljen. En it pompeblêd fan de foarkant fan it gebou fan Omrop Fryslân te skroevjen. Wy stoke dêrmei tegearre in moaie fik, en ik stel foar dat we dat ûnder 'Us Mem' dogge. Dêrnei rôlje we de stien by Warns de sleat yn en om it ôf te meitsjen bestelle we hûndert frachtweinen mei sân, wêrmei't we de Bonkefeart demje. We wachtsje in dei, gean dan tegearre nei de webside fan de Omrop en evaluearje dan wat symboalen krekt betsjutte.

Do snapst it wol. Dêrom betsjut it wat foar my as ik in reinbôgeflagge sjoch. Dêrom moatte dy ferrekte suertsjes fan in prutsdeputearren yn ús Provinsjehûs in skop ûnder harren reet krije, en dêrom krije de Drachtster Boys fan my twa tommen omheech. Om't symboalen derta dogge en om't de reinbôgemienskip grutter is ast tinkst, dat se lykweardich binne, en datst dy net as melaatsken behannelje kinst troch betingsten te hawwen by de akseptaasje. Eelke, sjoch nei dy fuotbalmaten út dat Drachten fan dy. Help mei om de reinbôgeflagge bekend te meitsjen. En oant sjen op Rôze Sneon yn Ljouwert."

(advertinsje)
(advertinsje)