Fryske foarwedstriden mitseljen: boujongerein hurd nedich

27 feb 2020 - 08:08

Hokker Fryske learling-mitselder mei nei it NK Mitseljen yn maart yn Someren? Dat wurdt tongersdei útmakke by Bouwmensen FNZ yn Ljouwert. Dat is in oplieding foar VMBO'ers oan de Archimedeswei. Oan de foarronde yn Ljouwert dogge njoggen learlingen mei. Dy binne hurd nedich.

Foto: ANP

"De skoallen binne ús leveransiers, de VMBO's yn Fryslân. Der dogge alve VMBO's mei dy't 18 learlingen leverje foar de timmerwedstriden en 9 foar de mitselwedstriden. Dy bern stride foar de earste priis. De bêste learlingen komme nei foaren, dat docht eins eltse provinsje. Dêrom is it ek moai as dat út Fryslân wei slagget," seit direkteur Mart Eerligh fan Bouwmensen FNZ.

De learlingen meitsje praatbankjes, in ûntwerp fan studinten fan de TU Delft. Eerligh: "Dy wurde elts jier útnûge om in ûntwerp te meitsjen dat geskikt is foar de learlingen. Mar de bankjes bliuwe ek stean, dus oer tweintich hier kinne se der nochris del rinne en sizze: dat haw ik oait mitsele. De namme wurdt ek yn de stien lasere. Eltsenien makket sa'n bank en in sjuery kart se. De bêste giet nei de kampioenskippen. Dat wurdt al sûnt 1953 dien. Wat sy dêr meitsje is ferlykber, ek in soarte oefening."

"Wurkje mei de hannen kin in goeie takomst wêze"

Mitselders binne nedich, jout de direkteur fan Bouwmensen FNZ oan. "Wy kinne lang net oan de winsk foar mitselders foldwaan. Op it stuit liket it nearne nei. De ynstream ferlykje mei wat der de bou út giet is is al in drama en ast sjochst nei wat der boud wurde moat, dan moatte je ek sjen nei alternativen. Wurk mei de hannen is earsum, mar in soad bern hawwe dochs leaver in laptop en in leaseauto. Mar de bou is in prachtich fak. Je meitsje dingen dy't stean bliuwe en je kinne der goed mei fertsjinje. Dizze wedstriden wurde ek holden om praktykûnderwiis te stimulearjen. Wurkje mei de hannen kin in hiele goeie takomst foar bern wêze."

Direkteur Mart Eerligh fan Bouwmensen FNZ

(advertinsje)
(advertinsje)