Buske fan de A7 rekke by Drachten

27 feb 2020 - 07:41

By de A7 op 'e hichte fan Drachten is tongersdeitemoarn in buske fan de dyk rekke. Neffens Rykswettersteat hie mooglik in oare auto mei it ûngelok te krijen. De bestjoerder fan it buske rekke ferwûne en moast nei it sikehûs brocht wurde. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net bekend.

Foto: Kappers Media
Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7
(advertinsje)
(advertinsje)