Fokkens oer busferfier yn doarpen: "Ik wil geen lucht vervoeren"

Minsken yn de doarpen hoege net benaud te wêze dat de busferbiningen ferfalle, seit deputearre Avine Fokkens nei oanlieding fan de opskuor oer it nije programma fan easken foar it iepenbier ferfier. Dochs moat der wat feroarje neffens har. Oant ta binne der 55 reaksjes kommen op it plan foar it busferfier yn Fryslân, wêrfan 3 fan doarpsbelangen.
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
"Alles ligt nog open op dit moment. Elk dorp of elke kern dat nu een vorm van openbaar vervoer heeft, zal dat ook behouden. Dat wil niet zeggen dat het hetzelfde niveau is, maar ze houden hoe dan ook een vorm van openbaar vervoer," seit deputearre Fokkens. Der is 32 miljoen beskikber, mar dat moat wol goed útjûn wurde neffens har. "We hebben heel veel wensen op heel veel vlakken. Ik kan het geld maar één keer uitgeven."
"Ik snap dat men het in stand wil houden, maar dan zou ik ook willen dat mensen die er iets van vinden ook daadwerkelijk in die bus stappen. We zien helaas dat er op heel veel lijnen veel lege bussen rijden. Ik geef steeds aan: ik wil geen lucht vervoeren, maar personen. Ik vind het mooi om te zien dat mensen in het verweer komen, maar ik zie nog veel liever dat mensen ook echt in die bus stappen," jout sy oan.
Deputearre Avine Fokkens
Edou Hamstra fan de PvdA hat wol begryp foar de situaasje, mar tinkt ek dat der wat oars kin: "Der binne ek in soad bussen dy't leech rûnride. Dêr moatte je wat mei en dat snappe wy ek goed. Mar der binne ek mooglikheden om mear minsken yn de bus te krijen en sa in line wer rendabel te krijen yn stee fan te skrassen. Dat kin troch it ferleegjen fan de tariven, troch te sjen nei it feroarjen fan in rûte, troch it oanpassen fan in bus sa't der mear minsken mei kinne."
Edou Hamstra fan de PvdA

Busline 71

De petysje foar it behâld fan busline 71 is binnen in dei al 2.200 kear tekene. Dat oantal is folle grutter as de inisjatyfnimmers tocht hiene. Dat binne de doarpsbelangen fan Marsum, Ingelum, Bitgum, Bitgummôle, Berltsum en Wier. Dy doarpsbelangen hiene ferwachte dat se dit oantal pas op 17 maart helje soene. Op dy datum slút de mooglikheid foar it yntsjinjen fan reaksjes op it konseptplan fan de provinsje.