Provinsjale Steaten wol gaswinning op 'e nij ûnder de oandacht bringe

27 feb 2020 - 06:57

Ek yn Fryslân moatte ynwenners makliker in fergoeding krije as sy skea hawwe troch gaswinning. Allinnich yn Grinslân leit de bewiislêst by de NAM, sy moatte bewize dat skea oan wenten nét komt troch gaswinnning. Provinsjale Steaten wolle dit ek foar Fryslân om't yn ús provinsje 68 lytse gasfjilden binne. De Steaten hawwe in moasje oannommen en drage it kolleezje op om dit ûnder de oandacht te bringen by de minister.

Jochem Knol fan GrienLinks is min te sprekken oer de hâlding fan minister Wiebes. "Wij vinden dat heel slecht. In Groningen heeft dat veel kwaad bloed gezet: het betekent grote bedrijven tegen de eenzame burger. Wij willen heel graag dat er geen rechtsongelijkheid is, in Fryslân hetzelfde als in Groningen. Wij begrijpen niet dat daarvan afgeweken wordt en ik ben blij dat de voltallige staten unaniem voor deze motie heeft gekozen."

'Vecht hier alsjeblieft voor'

Dêrom sil der in brief skreaun wurde. "Als provincie heb je niet erg veel in te brengen. De wetgeving vindt in de Tweede Kamer plaats, op 18 maart wordt het weer behandeld. Wij willen nogmaals onder de aandacht brengen dat dit echt niet kan," seit Knol. "Wat mij opviel is hoe emotioneel dit onderwerp ligt. Er is schade, er zijn jarenlange procedures. Inwoners zeggen: vecht hier alsjeblieft voor. Je moet als inwoner procederen tegen bedrijven die een groot juridisch apparaat achter zich hebben."

Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

By de Grinzer Pein wie in ierdskuodding fan 1,4 op de skaal fan Richter, de minister seit dat de kâns dêrop minder as 42 persint is. Knol: "Daar gaat het helemaal niet om. Schade is schade. In Groningen is ook alles jarenlang gebagatelliseerd. Grote of kleine schade, je hebt recht op een schadevergoeding. Bij Opeinde is een aardbeving geweest van 1,4, maar het hoeft maar 1,8 te zijn vlakbij je woning en dan heb je schade."

Jochem Knol fan GrienLinks

(advertinsje)
(advertinsje)