Soargen yn Noardeast-Fryslân oer in 5G-netwurk: is it ûnûntkomber?

Grutte soargen en in soad fragen oer it 5G-netwurk: yn it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân wie woansdeitejûn in gearkomste oer dit ûnderwerp. Ek riedsleden fan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel waarden dêr bypraat. It gie oer de technyske kant, mar der waard ek kritysk sprutsen oer mooglike konsekwinsjes foar de sûnens. De Vereniging van Nederlandse Gemeenten (VNG) tinkt lykwols dat it ûnûntkomber is dat it netwurk der komt.
De gearkomste oer 5G © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Rudolf van der Berg wie út namme fan de VNG oanwêzich. Hy joech oan dat it útroljen fan in 5G-netwurk foar gemeenten benammen in soad oanpassingen yn regels betsjut. "It hâldt yn dat gemeenten harren ynfrastruktuer, gebouwen, lantearnepeallen beskikber stelle moatte foar antennes. Dat is in soad wurk, dêr moatte regels foar wêze en kontrakten foar ôfsletten wurde. Dêr moat je rekken mei hâlde yn de gemeentlike organisaasje."
Van der Berg neamt Kollum as foarbyld. "Hjir yn Kollum stiet op dit stuit ien antenne, dat is net in soad wurk. Mar sy moatte aanst 98 persint fan it gemeentegebiet dekke mei 8 megabit de sekonde, dus der moatte mear en lytsere antennes bykomme. Krekt foar dy lytsen is mear wurk nedich. Dan binne der yn Kollum miskien wol 5 of 10 antennes nedich. Oan de ein fan it jier komt de nije wet, dan kinne wy der de kommende tweintich jier gebrûk fan meitsje. Yn juny is der in feiling, dus yn july soe it 5G hjir aktivearre wurde kinne."
Rudolf van der Berg fan de Vereniging van Nederlandse Gemeenten

Noed oer strieling

Dochs binne der ek in soad soargen. Op it gemeentehûs wiene ek ferskate boargers, lykas Nynke de Jong: "Ik haw my de ôfrûne jierren ferdjippe yn strieling en wat it mei dy dwaan kin. Doe kaam ik der efter dat it ûndersyk fan 1998 is en yn de media wurde bleatstellingsnoarmen neamd. Mar as it in noarm fan 1998 is, doe't wy noch mar krekt úteinsetten mei mobile kommunikaasje. Doe wie ik sân jier. Dat hat him echt wol ûntwikkele. En der is ek allinne mar nei termyske effekten sjoen, dus hoe bot waarmet in sek sâlt wetter op as dy bleatsteld wurdt oan strieling. As je in bytsje neitinke: in lichem is folle komplekser. It is net goed om allinne dêr nei te sjen. Dat doocht net, der moat oar ûndersyk komme."
Margriet Wolf fan Noardburgum is it mei De Jong iens: "Ik heb hersenletsel. Ik ben overgevoelig voor geluid omdat mijn brein tics heeft gehad van tia's, laat staan dat daar ook nog straling bij komt. Het gaat er mij om dat er maar met straling gedaan wordt alsof het niets is. Omdat je het niet ziet, of zo. Natuurlijk doet straling wat met mensen. Men begint aan iets wat niet reëel getest is. De testen die gedaan zijn met mensen zijn gedaan in 4G-omgevingen, of slechts een of twee jaar, of met een zoutzak."
Nynke de Jong en Margriet Wolf

VNG hâldt fêst oan Gezondheidsraad

Van der Berg seit dat hy him net safolle soargen makket. "De VNG seit tsjin gemeenten om goed te sjen nei wat de Gezondheidsraad dêr oer seit. Der stiet safolle sin en ûnsin op ynternet. Dat kinne je as amtner net samar folgje, mar dy ried is dêrfoar ynsteld en dêr wurkje wittenskippers. Dy sizze op dit stuit dat it gjin probleem is, de limiten binne leech genôch steld en der binne gjin redenen om ûngerêst te wêzen."
Hy tinkt ek dat eltsenien it op 'e duer gewoan wol. "Krekt as dat de gsm der ea kaam en dat wy wifi thús hawwe, sille wy fêst ek allegearre 5G hawwe wolle. Ek net ien wol werom nei in telefoan sûnder kamera en ynternet. Grutte en lytse gemeenten hawwe dêrmei te krijen. As VNG wurkje wy ek foar de gemeenten sa't wy mei ús 355'en gearwurkje kinne."