FIDEO: Earste wetterstoftrein yn Nederlân wurdt test yn Ljouwert

27 feb 2020 - 14:46

De earste Nederlânske trein op wetterstof sil de kommende wiken eltse nacht proefride tusken Ljouwert en Grins. Tongersdei sette de testritten útein, wêrnei't úteinlik sjoen wurdt oft de wetterstoftrein de fersmoargjende diseltreinen ferfange kin.

De wetterstoftrein waard tongersdeitemoarn test:

De testritten fine yn 'e nacht plak, sûnder reizgers en mei snelheden oant 140 kilometer yn 'e oere. De trein hjit de Coradia iLint en waard troch in lokomotyf fan Dútslân nei it spoar tusken Ljouwert en Grins brocht, om't dy allinne op dat trajekt teste mei. Yn Dútslân ride al ferskate wetterstoftreinen.

Tongersdeitemoarn is de nije wetterstoftrein keppele oan in trein fan Arriva. Dêrmei wurdt test oft de wetterstoftrein fuortsleept wurde kin, mocht de trein it net mear dwaan. Sokke testen wurde altyd dien as der nije treinen binne. De test is dien troch ProRail en Arriva.

De earste wetterstoftrein fan Nederlân yn Ljouwert - Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)