UNIS Flyers belibje minne generale repetysje foar kampioenswedstriid

26 feb 2020 - 22:08

De UNIS Flyers hawwe woansdeitejûn de lêste reguliere wedstriid yn de BeNe League ferlern. Op besite by it Belgyske Mechelen Golden Sharks waard it 7-6.

Doelman Martijn Oosterwijk fan Unis Flyers yn in eardere wedstriid - Foto: www.orange-pictures.nl

De Fryske ploech kaam yn de earste perioade op foarsprong troch in doelpunt fan Trevor Peterson. Mechelen makke lykwols direkt wer gelyk fia Stef Vermeulen. De earste perioade gie úteinlik troch in treffer fan Brent Janssen wol mei 2-1 nei de Flyers.

Yn de twadde perioade kaam Flyers in tal kearen yn de problemen troch powerplay-situaasjes. Ben van den Bogaert en Jakob Huyghe profitearren dêrfan mei harren goals. Ek Mechelen-spiler Elia Urlings skeat raak en dus seach Flyers mei noch ien perioade te gean oan tsjin in 4-2 efterstân.

Sân goals yn tredde perioade

Dy efterstân wie yn de tredde perioade lykwols wer hiel gau fuortwurke. Lars den Edel en Aldo van Aalderen brochten de Flyers op likense hichte: 4-4. Dat duorre net lang, want Van den Bogaert makke der 5-4 fan.

Dêrmei wie it noch net beslist yn Mechelen. Trevor Hunt makke der mei noch njoggen minuten te spyljen 5-5 fan. Dêrnei beslisten Kenneth Pittoors en Urlings it duel dochs yn Belgysk foardiel: 7-5. Adam Bezak die yn de slotminút noch wol wat werom: 7-6.

Nederlânsk kampioenskip

De Flyers wienen al wis fan it boppeste plak yn de BeNe League, wêrtroch se thúsfoardiel hawwe yn de play-offs. De finale om it Nederlânsk kampioenskip is snein, dy wurdt op Thialf spile tsjin Den Haag. Dêrnei sette de play-offs om de titel fan de BeNe League útein.

(advertinsje)
(advertinsje)