Fuotgonger ferwûne nei botsing mei auto yn Ljouwert

26 feb 2020 - 22:00

Op de Noorderweg yn Ljouwert is woansdeitejûn in fuotgonger skept troch in auto. It ûngelok barde op in rotonde, dêr't de fuotgonger oerstuts op in sebrapaad.

Foto: Kappers Media

It slachtoffer waard rekke troch de auto en is nei it sikehûs brocht. Oer de swierte fan de ferwûningen is op dit stuit neat bekend. De Noorderweg yn Ljouwert wie woansdeitejûn in skoftke ôfsletten foar ferkear.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok fuotgonger
(advertinsje)
(advertinsje)