Harriët Faber is transgender: "Elkenien moat himsels wêze kinne"

26 feb 2020 - 21:30

It nijs oer de coming out fan NikkieTutorials, de ferneamde Nederlânske vlogster, is de hiele wrâld oer gien. Sy hat in soad losmakke, ek yn Fryslân. Harriët Faber fan Wommels is ek transgender. Oer har is sels in dokumintêre makke, dy't ôfrûne novimber op de lanlike telefyzje te sjen wie.

"It begûn al doe't ik in jier as sân, acht wie. Doe tocht ik: der is wat, mar ik wist net wat", leit Faber út yn it radioprogramma De middei fan Fryslân. Harriët wie altyd wol in stoere man. "Ik hie altyd in houthakkersblûze oan, in peuk yn 'e mûle en in pakje swiere sjek der út."

Hast 36 jier troud

In jier as sân, acht werom hat Harriët de stap set. "Doe ha ik tsjin myn frou sein: ik fiel my eins in frou en ik wol ek graach in frou wêze." Harriët is noch altyd mei har frou Siepie troud. "Wy binne hast 36 jier troud no. Ik ha ek wol in hiel soad respekt foar Siepie, it is myn Siepie. Wy hawwe echte leafde wol", fertelt Faber grutsk.

De relaasje tusken beide frouwen is eins noch sterker en better wurden, as doe't Harriët noch in man wie, sa seit Siepie. Se binne noch mear nei elkoar ta groeid. "No gean we tegearre winkeljen of sjoch ik yn har kleankast: mei ik dit wol fan dy oan ha", seit Faber.

Harriët wol ek graach oare minsken ynspirearje. "Lit elkenien gewoan gewurde yn de wearde dy't hy is en dy't hy wêze wol. Gean dêr net tsjinyn. Elkenien moat himsels wêze kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)