Gearkomste foar ynwenners yn Koarnjum fanwegen dea Karin Grijpstra

26 feb 2020 - 20:54

Yn it doarpshûs fan Koarnjum wurdt tongersdeitejûn in gearkomste hâlden foar de ynwenners. Oanlieding is de dea fan de 55-jierrige Karin Grijpstra út it doarp, dy't nei alle gedachten om it libben brocht is.

Foto: politie.nl

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat de ynwenners fan Koarnjum en Jelsum mei in brief útnûge foar de gearkomste. Yn doarpshûs De Bining kinne bewenners tongersdei om 17.00 oere mei elkoar yn petear gean oer de situaasje yn it doarp.

By de gearkomste binne ek teamsjef Cor Reijenga fan de plysje yn Ljouwert en wykagint Cees Hoekstra oanwêzich. Sy sille foar safier mooglik it plysje-ûndersyk taljochtsje.

Fyftjin tips

De plysje hat oant not ta fyftjin tips krige yn it ûndersyk nei de dea fan Grijpstra. Sy waard sneintemoarn fûn yn de sleat flakby har wenning.

(advertinsje)
(advertinsje)