Minne tarieding Sven Kramer op WK fanwegen sykte yn famylje

Reedrider Sven Kramer hat in minne tarieding op it wrâldkampioenskip allround. Dat hat te krijen mei sûnensproblemen binnen de famylje. Dat makke de reedrider woansdeitejûn bekend yn Hamar, dêr't hy dizze wike it WK ride sil.
Minne tarieding Sven Kramer op WK
Op in spesjale parsekonferinsje sei Sven Kramer dat hy in minne wike achter de rêch hat. Dêrtroch hat hy him net goed tariede kinnen op it toernoai yn Noarwegen.

Privacy respektearjen

Kramer liet it by dy ferklearring, en woe ek net foarútsjen op it toernoai. Hy wie sichtber oandien, en frege om de privacy fan syn famylje te respektearjen.
It WK allround wurdt sneon en snein hâlden yn Hamar.
© Orange Pictures