Sander Arends op Sileensk gravel yn earste ronde ûnderút

26 feb 2020 - 20:08

Tennisser Sander Arends is yn de earste ronde fan it ATP-toernoai fan Santiago yn Sily útskeakele. Tegearre mei de Amsterdammer David Pel gie de Ljouwerter mei 4-6, 6-1 en 3-10 ûnderút tsjin Juan Ignacio Londero en Federico Coria út Argentinië.

Foto: ANP

Arends en Pel wiene ferline wike noch de sterkste op it challengertoernoai fan Koblenz yn Dútslân. Nei de finale binne Arends en Pel snein noch nei Súd-Amearika flein om mei te dwaan yn Sily.

Goede twadde set net genôch

Yn de earste set spilen beide koppels goed yn de eigen opslachgames. De Argentinen ferlearen mar fiif punten yn de hiele set, wylst Arends en Pel ien breakpoint tastean moasten. It betsjutte wol daliks de beslissing yn de set. Dêrnei wiene de Nederlanners los en stie der samar 6-1 op it boerd.

In supertiebreak moast de beslissing bringe op it gravel fan Santiago. Dêryn wiene de Argentinen harren ynsinking fan de twadde set te boppen en pakten se yn it begjin in 3-0 foarsprong. Dy foarsprong waard fierder yn de tiebreak allinnich mar grutter.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)