Wrâldbekerfinale op It Hearrenfean giet foarearst gewoan troch

26 feb 2020 - 20:01

De wrâldbekerfinale yn it reedriden moat oer oardel wike op It Hearrenfean riden wurde. Mar mei dielnimmers út ûnder oare Súd-Koreä, Sina, Japan en Italië en sa'n 12.500 supporters sit de eangst foar it coronafirus der aardich yn. It evenemint giet foarearst gewoan troch, mar it ynternasjonale reedrydbûn ISU nimt wol maatregels.

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

KNSB-wurdfierder Carl Mureau leit út dat it reedrydbûn foar de dielnimmers en harren begelieding it protokol fan it ISU folget. "Voor schaatsers een accreditatie krijgen, moeten ze een vragenlijst invullen. Of ze in risicogebieden zijn geweest bijvoorbeeld, of met wie ze in contact zijn geweest. Daarnaast wordt van iedereen de temperatuur opgenomen om te kijken of ze misschien koorts hebben."

By koarts nei de dokter

Nei it ûndergean fan dizze kontrôle krije dielnimmers harren akkreditaasje. Wannear't der oanlieding foar is, kin de ISU beslisse om in dielnimmer troch in dokter ûndersykje te litten om te sjen oft se miskien it coronafirus hawwe. Dizze proseduere is net nij, ek de ôfrûne wiken by it reedriden en it shorttrack barde it. "En dit weekend, bij de WK Allround in Hamar, gaat het precies zo."

De wrâldbekerfinale op Thialf is hast útferkocht. De 12.500 taskôgers wurde net ekstra ûndersocht, sa seit Mureau. "Voor de toeschouwers volgen wij het RIVM, en houden wij hun aanbevelingen scherp in de gaten."

(advertinsje)
(advertinsje)