FIDEO: IepenUP live oer de kleau (de 'kloof')

26 feb 2020 - 19:45

De kleau, Frysk foar 'de kloof', is dy der echt? Stean Rânestêdelingen en plattelanners tsjinoer inoar? Begripe 'sy' ús net? Of is it in maklike manier om it eigen gelyk te heljen? Draaie Friezen op foar de problemen fan de Rânestêd en wurdt de wolfeart wol gelyk ferdield? Dêr prate wy oer yn IepenUp mei wittenskippers, mei minsken dy't it sels meimeitsje en mei sjoernalisten.

Jesse de Voogd, selsstannich ûndersiker en publisist op it gebiet fan geografy, polityk en gearlibjen, is ien fan de gasten. Hy wit presys hoe't der stimd wurdt fan Teksel oant Vaals.

Akseptaasje

Toon Kuppens fan de Ryksuniversiteit Grins docht ûndersyk nei de akseptaasje fan flechtlingen. By de groep dy't er ûndersocht, fernaam er in ûnbidich grutte ôfstân tusken de minsken sels en de oerheid.

Dútslân-kenner Bearn Bilker sil ús byprate oer de bestsellers fan de skriuwster Dörte Hansen oer it libjen op it Noard-Fryske plattelân.

Yn IepenUp binne fierders húshâldingen te gast dy't fan de Rânestêd nei Fryslân ferhuze binne en fan Fryslân nei de Rânestêd. Jimme kinne derby wêze en meiharkje en -prate.

IepenUP live wurdt alle woansdeis útstjoerd út Neushoorn yn Ljouwert wei. Belangstellenden binne wolkom fan 19:30 oere ôf. De tagong is fergees. De útstjoering is fan 20.00 oere ôf te folgjen op in livestream op de Facebookpagina's fan IepenUP en Omrop Fryslân, Omropfryslan.nl en Omrop-app.

(advertinsje)
(advertinsje)