Fryslân riedt him ta op de komst fan it coronafirus

26 feb 2020 - 19:34

It coronafirus komt hieltyd tichterby. Dútslân, België, Ingelân: alle lannen om Nederlân hinne hawwe besmettingen fan it firus. Dêrom binne ek de ynstânsjes yn Fryslân harren oan it tarieden. Skoallen skrasse reizen, GGD Fryslân jout advys oer wannear't minsken de dokter belje moatte en sikehuzen meitsje isolaasjekeamers klear.

Op it momint dat in mooglike pasjint him meldt by de húsdokter of it sikehûs, dan moat de dokter dat direkt melde by de GGD. Dy binne hjirfoar 24 oeren deis berikber. De GGD-dokter nimt kontakt op mei de pasjint, nimt lichemsmateriaal ôf foar in diagnoaze en ûndersiket mei wa't de pasjint kontakt hân hat.

De GGD meldt de besmetting oan de boargemaster fan de oanbelangjende gemeente en de foarsitter fan de Feilichheidsregio, yn Fryslân is dat boargemaster Sybrand Buma. Nei oanlieding fan lanlike rjochtlinen kin de GGD-dokter de foarsitter advisearje in karantênemaatregel op te lizzen.

Pasjinten earst thús

Bart Maats, foarsitter fan de húsdokterferiening yn Fryslân, fertelt dat sawol pasjinten as húsdokters rjochtlinen krigen ha fan de GGD. Foar pasjinten pleatste GGD Fryslân woansdeitemoarn foar it earst mear ynformaasje oer it coronafirus. Dêryn stiet dat minsken de húsdokter belje moatte as se koarts hawwe of hoastje. Ek moatte se melde as se yn Sina, Singapoer, Súd-Koreä, Iran of yn guon gemeenten yn Italië west ha.

Als we denken dat de patiënt het virus kan hebben, moet hij eerst thuis blijven.

Bart Maats, foarsitter fan de húsdokterferiening

De assistinten fan húsdokters moatte ek fragen stelle oer wêr't de pasjint west hat om te efterheljen oft de pasjint eventueel it firus hat. "Als we denken dat de patiënt het virus kan hebben, moet hij eerst thuis blijven." As de pasjint gelyk nei de praktyk komt, kin it wêzen dat it firus dan gelyk ferspraat wurdt. "Voordat we overgaan op actie gaan wij eerst overleggen met de GGD om een plan op te stellen wat we moeten."

Fierder hat Maats gjin soargen heard fan oare húsdokters oer it firus. Maats is sels húsdokter op De Gordyk. As hy sels nei in pasjint ta moatte soe mei it firus, bliuwt hy nochter. "Dat is ons werk. Als iemand ziek is, gaan we daar heen. Maar we proberen onszelf dan natuurlijk wel te beschermen."

Foto: Omrop Fryslân

Alle sikehuzen hawwe in isolaasjekeamer beskikber en hawwe de protokollen klear. Jan van Elp is ferpleechkundige op de 'intensive care' yn sikehûs Tjongerskâns op It Hearrenfean. "We zijn er helemaal klaar voor. We hebben nu speciale protocollen gekregen waar we ons aan moeten houden. In geval van nood moet het zeker lukken."

Isolaasjekeamer

De pasjint komt by harren yn de isolaasjekeamer. Yn dy keamer wurdt wurke mei ferskillende luchtdrukken, wêrtroch't de besmetting net nei bûten kin. De ferpleechkundigen moatte dan spesjale pakken oan om besmetting by harsels foar te kommen.

"Ik ben er niet bang voor", seit Van Elp. "Als er een patiënt binnen komt, dan is het voor ons precies hetzelfde als iemand anders met een besmettelijke ziekte. De zorg is goed en we zijn er goed op voorbereid."

Foto: Omrop Fryslân

De middelbere skoallen yn Fryslân binne op dit stuit ek dwaande mei it firus. It Leeuwarder Lyceum en de Piter Jelles !mpulse hawwe harren reis nei Napels al skrast. Ek it CSG Liudger yn Drachten hat in reis nei Italië skrast. De klassen havo-4 en vwo-5 reizgje foarearst net nei Rome.

"We zijn twee weken geleden al naar Italië geweest", seit Linda Halman fan Sevenwolden op It Hearrenfean. "Toen speelde de besmetting nog niet, dat is een een geluk bij een ongeluk."

Nijs yn de gaten hâlde

Wol giet de skoalle ein april nei de Ardennen, Berlyn, Londen en Parys. Sa't it no liket, gean dy reiskes noch troch, mar de skoalle hâldt it nijs goed in de gaten. "Want het virus slaat snel om zich heen."

By Simon Vestdijk yn Harns hâlde se de saak ek yn de gaten, seit Petra Storm. "Mar der stean op de koarte termyn gjin reiskes op it programma. Dat is foar ús in foardiel."

Ralph de Jong fan Piter Jelles yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)