Gjin Aldi-supermerk oan Heerenveenseweg yn Wolvegea

26 feb 2020 - 18:25

Der komt gjin Aldi-supermerk oan de Heerenveenseweg yn Wolvegea. Dat mei konkludearre wurde nei in útspraak fan de Ried fan Steat woansdeitemiddei.

Aldi - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Aldi Drachten B.V. hie in fergunning oanfrege foar it bouwen fan in nije supermerk op in bedriuweterrein oan de Heerenveenseweg yn Wolvegea. De gemeente Weststellingwerf joech gjin fergunning ôf en Aldi Drachten B.V. stapte dêrop nei de Ried fan Steat.

Net yn bestemmingsplan

Dy makke woansdei bekend dat in supermerk op dat plak net past yn it bestimmingsplan en dat it dêrom terjochte is dat de gemeente gjin fergunning ferliend hat. Fierder docht út de boutekening bliken dat in part fan de winkel binnen de saneamde 'risikokontoer' komme soe fan in LPG-tank. Dat kin net fanwegen de feilichheid.

Trefwurden: 
Wolvegea Ried fan Steat Aldi
(advertinsje)
(advertinsje)