It leechfleanen moat fan tafel, neffens Provinsjale Steaten

De provinsje hat yn juny oerlis mei steatssekretaris Barbara Visser fan Definsje om it leechfleanen oer Fryslân fan tafel te krijen. Dat sei deputearre Douwe Hoogland woansdei yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten.
In F16 © Shutterstock.com
FNP-steatelid Sijbe Knol rôp Hoogland op der by it regear op oan te trunen de leechfleanrûte te skrassen. De FNP waard stipe troch alle partijen, útsein Forum voor Democratie en de PVV. Deputearre Hoogland sei dat de provinsje oerfallen wie doe't de leechfleanrûte wer in opsje waard foar Definsje.

Lûdsoerlêst en gefaar

De rûte wie yn 2002 bûten gebrûk steld fanwege de lûdsoerlêst en it gefaar foar de fleanerij by Drachten. De noardlike en eastlike provinsjes en ferskate Fryske gemeenten hawwe al oanjûn folslein fan de rûte ôf te wollen.