Ljouwerter rydt mei 130 kilometer op 'e teller oer Harnzerstrjitwei

De plysje hat woansdei in man fan 61 jier út Ljouwert oanhâlden op de Harnzerstrjitwei. Hy ried fyftich kilometer te hurd op it stik dyk dêr't tachtich kilometer yn 'e oere it maksimum is. De plysje makke proses-ferbaal op en naam syn rydbewiis yn.
© Plysje
De plysje dielde mear bekeuringen út: twa kear foar riden troch read ljocht, trije kear foar it fêsthâlden fan in telefoan by it autoriden, ien kear foar ynheljen oer in trochlutsen streek, ien kear foar in auto dy't oer in fytspaad ried en der wie in bekeuring foar in fytser dy't net op it ferplichte fytspaad fytste.