Noflik Wenje yn Oentsjerk bliuwt bestean: fan Patyna nei Idesta

26 feb 2020 - 17:00

Wensoarchlokaasje Noflik Wenje yn Oentsjerk kin bestean bliuwe. Soarchgroep Idesta nimt it gebou en de bewenners oer fan soarchorganisaasje Patyna. It moat dêrnei ûnderdiel wurde fan it soarchkonsept Fidesta, wêrby't in soarchûndernimmer de lokaasje yn behear kriget.

Foto: Omrop Fryslân

Noflik Wenje yn Oentsjerk is in wenfoarm foar minsken dy't demintearje. Yn desimber 2019 makke Patyna bekend dat Noflik Wenje op 1 jannewaris takom jier slute moast. Patyna stelde dat it iepen hâlden fan de lokaasje net mear mooglik is, om't dy te lyts wêze soe om út te kinnen.

Rêding liket wis, noch net definityf

Dochs is it noch net hûndert persint wis dat Noflik Wenje no definityf rêden is. Dat hat benammen te krijen mei mooglike finansjele gefolgen foar kliïnten, sa seit bestjoersfoarsitter fan Patyna Johan Krul. "Patyna levert zorg in natura, Fidesta doet het met persoonsgebonden budgetten. Er moet per cliënt gekeken worden hoe de financiële situatie verandert, en of er bijvoorbeeld huurtoeslag aangevraagd moet worden. Dat is maatwerk per cliënt."

Pas as dúdlik is hoefolle bewenners bliuwe wolle, kinne der plannen foar de takomst makke wurde. Dat hinget ôf fan de finansjele situaasje. "Als een groot deel van de huidige tien cliënten meegaat in het nieuwe concept, dan kan het uit."

Yn de takomst útwreidzje

Der wenje no tsien kliïnten yn Oentsjerk. Foar Patyna wiene dat der te min, mar neffens Krul is dat oars foar Fidesta. "Er zijn nu tien appartementen in het huidige complex, en daar wil Fidesta nog twee of drie appartementen aan toevoegen. Maar het is geen must om die vol te krijgen. En dan hebben ze ruimte om in te toekomst een klein beetje uit te breiden."

De ûndernimmer dy't dat dwaan moat, is noch net fûn. Dêrom sil Noflik Wenje fan 1 maaie ôf earst ûnder Idesta falle. Johan Krul, bestjoersfoarsitter fan Patyna, tinkt dat op koarte termyn in geskikte kandidaat fûn wurdt. "Voor de bewoners maakt het verder niet uit. Zij krijgen gewoon zorg in de tussentijd."

Foto: Aksjegroep "Noflik Wenje moat bliuwe!"

It platfoarm 'Noflik Wenje moat bliuwe' hat aksje fierd om Noflik Wenje te behâlden foar Oentsjerk. "Met de actiegroep is gesproken, maar zij zijn geen besluitvormende partij. Daarom kregen zij geen plaats bij de onderhandelingen. Maar we willen ze wel meenemen in wat er gaat gebeuren", sa seit Krul.

Soargen

De aksjegroep makke har benammen soargen oer it personiel en in mooglike twongen ferhuzing fan kliïnten. Krul begrypt dat. "Met alle bewoners worden gesprekken gevoerd of ze mee willen naar het nieuwe concept. Dan is het aan de cliënt om te kijken wat ze willen doen, maar iedereen kan in principe blijven. Dat geldt ook voor het grootste deel van het personeel, dat kan blijven als ze willen."

Bestjoersfoarsitter Johan Krul fan Patyna

(advertinsje)
(advertinsje)