Fyftjin tips binnenkaam yn saak-Koarnjum

26 feb 2020 - 16:54

De plysje hat oant not ta fyftjin tips krige yn it ûndersyk nei de dea fan de 55-jierrige Karin Grijpstra út Koarnjum. Sy waard sneintemoarn fûn yn de sleat flakby har wenning. Op grûn fan har ferwûningen giet de plysje derfan út dat de frou om it libben brocht is.

De plysje stiet noch foar in riedsel en freget help fan elkenien dy't wat sjoen hat. Sa hat der in oprop west by Omrop Fryslân en yn it programma Opsporing Verzocht.

In spesjaal drone-team fan de plysje hat woansdei aktyf west yn Koarnjum. De spesjalisten binne troch it resjerzjeteam frege om loftfoto's te meitsjen fan it plak-delikt en it gebiet dêromhinne. De plysje hat yntusken mei famylje, kollega's en doarpsgenoaten fan it slachtoffer praat. Mar it saneamde Team Grootschalige Opsporing is noch lang net klear.

De sleatswâl oan De Wier op it plak dêr't de frou fûn waard - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum ropt elkenien op om eagen en earen goed iepen te hâlden. Foarsitter Jaap Keizer freget alle ynwenners om harren op te jaan foar de buertprevinsje-app. "As der dan wat frjemds te sjen is, kinne we fuortendaliks de plysje warskôgje."

Neffens Keizer binne de doarpelingen ferslein en binne se op syk nei antwurden. "It is te hoopjen dat de saak gau oplost wurdt, foar it doarp mar foaral foar de neibesteanden."

(advertinsje)
(advertinsje)