Bedriuwen sûnder stroom troch brantsje yn transformatorhúske Harns

Yn in transformatorhúske oan de Koarte Lijnbaan yn Harns hat woansdeitemiddei koarte tiid brân west. It fjoer sels like ta te fallen, mar der kaam wol in soad reek frij.
brân yn transformatorhúske yn Harns © Jannette van der Ploeg
De brânwacht hat enerzjybedriuw Liander warskôge. Dat bedriuw jout oant dat 28 bedriuwen yn de buert troch de brân sûnder stroom sitten hawwe. Wat de oarsaak fan de brân is, kin Liander noch net sizze.