Fryske skoallen skrasse reizen nei Italië om coronafirus

26 feb 2020 - 16:20

Learlingen fan it Ljouwerter Lyceum en Piter Jelles !mpulse sille nije wike net nei Napels. De skoallen fine de risiko's te grut no't der hieltyd mear coronagefallen yn Italië bykomme, ek al binne der yn Napels en omkriten noch gjin besmettingen. Ek de learlingen fan it CSG Liudger út Drachten bliuwe thús.

It Ljouwerter Lyceum - Foto: eigen foto

Neffens Piter Jelles !mpulse wie it in ienfâldich beslút. "Je wilt dat de leerlingen onbevangen en in vertrouwen op pad gaan en dat ze een mooie ervaring kunnen opdoen, niet dat ze bang zijn voor een eventuele besmetting", fertelt teamlieder Ralph de Jong. "Dit gaat het doel voorbij van wat je met de leerlingen wilt bereiken."

Kosten

Nei't it beslút meidield waard oan learlingen en âlden, hat de skoalle tsientallen mailtsjes krigen fan âlden dy't bliid wiene mei it beslút fan de skoalle. De learlingen dy't mei soene, krije it jild foar de reis werom. De skoalle ferwachtet lykwols net dat it reisburo dêr't de reis boekt is, de kosten werombetelje sil, om't der gjin negatyf reisadvys leit. "Ik denk dat centraal moet staan dat je die kinderen niet een reiservaring biedt die negatief is", leit De Jong út.

It normale lesroaster giet gewoan troch, dus de learlingen wurde nije wike gewoan op skoalle ferwachte. Dy draaie yn de normale lessen mei. "De leerlingen vonden het eerst jammer, maar nu snappen ze het ook en kijken ze uit naar een gewone lesweek."

CSG Liudger: feiligens wichtich

Ek it CSG Liudger yn Drachten hat in reis nei Rome skrast. Takom wike soene de learlingen fan havo-4 en vwo-5 nei Italië. "We hebben de reis uitgesteld, omdat we de veiligheid van de leerlingen voorop stellen", seit lokaasjedirekteur Ina Everts fan de Raai-lokaasje yn Drachten.

Se witte noch net wannear't de reis wol kin. "We zagen dat het code geel is in Italië, dan is het niet verantwoord om daar heen te gaan."

Der stean ek noch oare reiskes op de planning, nei Berlyn en Parys. Dy geane foarearst troch, mar it Liudger hâldt de ûntwikkelingen yn 'e gaten. "Ouders hebben natuurlijk vragen over de veiligheid van hun kind. Als die in het geding komt, gaan we niet op reis. Dat is onverantwoord."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ralph de Jong fan Piter Jelles !mpulse oer de reis dy't net mear troch giet

(advertinsje)
(advertinsje)