FNP Achtkarspelen: "Lintsje foar brânwacht moat werom"

26 feb 2020 - 16:00

De keninklike ûnderskieding foar frijwilligers dy't tweintich jier of langer by de brânwacht west hawwe, moat weromkomme. Dat fynt de FNP yn Achtkarspelen.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De partij fynt dat de gemeente protest oantekenje moat tsjin it skrassen fan it lintsje foar de brânwachtfrijwilligers. De FNP komt dêrom tongersdeitejûn mei in moasje yn de gemeenteried.

Skrast

De keninklike ûnderskieding waard begjin dit jier skrast. It belangrykste argumint dêrfoar is dat de frijwilligers ek al in fergoeding krije fan 2.000 oant 3.000 euro yn it jier. De FNP is it dêr lykwols net mei iens, om't riedsleden en steateleden bygelyks in folle hegere fergoeding krije. Sy kinne nei tolve jier wol yn de beneaming komme foar in keninklike ûnderskieding.

Dêr komt by dat de frijwilligers fan de brânwacht gefaarlik wurk dogge. De FNP yn Achtkarspelen hopet dat ek oare Fryske gemeenten protest oantekenje wolle.

(advertinsje)
(advertinsje)