Opbringsten Wynpark Fryslân wurde bestege yn de omjouwing

26 feb 2020 - 15:58

Provinsjale Steaten gean akkoart mei hoe't de opbringsten fan Wynpark Fryslân bestege wurde sille. Dat die woansdei bliken op de gearkomste fan Provinsjale Steaten. Fan de opbringst fan Wynpark Fryslân moat foaral de omjouwing profitearje.

Foto: Omrop Fryslân

Dat kin troch it stimulearjen fan it duorsumer meitsjen fan de Fryske enerzjyhúshâldingen, it befoarderjen fan de wurkgelegenheid oan de Iselmarkust en it nei in heger plan tillen fan lokale duorsumens- en leefberensprojekten.

Earste tsien jier 6 miljoen yn it jier

De provinsje ferwachtet alle jierren sawat 8 prosint rendemint te krijen út Wynpark Fryslân, foar de Iselmarkust by Makkum. Dat soe de earste tsien jier delkomme op sawat 6 miljoen euro yn 't jier. Yn totaal hat de provinsje 100 miljoen euro yn it wynpark stutsen. Dêrfan is 20 miljoen euro brûkt om 15 prosint fan de oandielen te keapjen en de oare 80 miljoen euro is as liening jûn.

(advertinsje)
(advertinsje)