Suzanne Schulting oer WK: "Sa wolst it seizoen net einigje"

26 feb 2020 - 15:36

De Nederlânske shorttrackers binne bot teloarsteld oer it net-trochgean fan it WK shorttrack yn Seoul, takom moanne. "It is in klap yn myn gesicht", seit regearjend wrâldkampioene Suzanne Schulting.

Foto: Orange Pictures

It WK soe fan 13 oant en mei 15 maart yn de Súd-Koreaanske haadstêd hâlden wurde. It giet lykwols net troch fanwegen it coronafirus. It reedrydbûn, de ISU, wit noch net oft it WK op in oare lokaasje of datum wol trochgean kin.

"Sa wolst net einigje"

Foar Schulting komt it nijs net as in ferrassing. "De ôfrûne wike hawwe wy der al in soad oer praat. Mar dat it net trochgiet, is hiel ferfelend. Sa wolst it seizoen net einigje."

Ek Daan Breeuwsma fynt it spitich. "It siet der al wat oan te kommen, mar ik haw no wol in min gefoel. Wy binne allegear yn topfoarm en woene graach noch ien kear flamme dit seizoen. Dêr traine wy hurd foar."

(advertinsje)
(advertinsje)