Steuring: krante komt letter

14 nov 2011 - 15:26

De Ljouwerter Krante wurdt moandei op guon plakken net op tiid delbrocht. Dat hat te krijen mei technyske problemen by de drukkerij fan de krante yn Ljouwert.

Utjouwer NDC Mediagroep biedt op de webside fan de LC ekskuzes oan foar de lette krante. De moarns wiene der ek al swierrichheden mei it drukken fan it Dagblad van het Noorden.

Trefwurden: 
LC Ljouwerter Krante steuring
(advertinsje)