Foar de achtste kear bekeurd: auto yn beslach nommen

26 feb 2020 - 14:47

In man fan 23 jier út Ljouwert is syn auto kwytrekke nei't er foar de achtste kear yn fiif jier tiid trappearre waard op riden sûnder rydbewiis.

Foto: Plysje

Dizze kear waard de rider sûnder rydbewiis pakt by in kontrôle op de Ferlingde Skrâns yn Ljouwert. De bestjoerder krige ek in bekeuring.

(advertinsje)
(advertinsje)