Mear brânmeldingen oer pelletkachels: mar wêr leit de oarsaak?

26 feb 2020 - 14:36

De meldkeamer Noard-Nederlân krijt de lêste jierren hieltyd mear brânmeldingen oer pelletkachels. It is sels sa slim dat minister Knops fan Ynlânske Saken om tafel wol mei de Nederlânske hurd- en kachelbrânsj. It leit net oan de kachels, seit pelletkachelferkeaper Theo Hiemstra, mar minsken brûke it ferkeard.

In pelletkachel - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

De oarsaak fan de problemen mei de pelletkachels soe lizze by ferkearde ynstallaasje, mar dêr is pelletkachel-ferkeaper Theo Hiemstra fan Menaam it net mei iens. Neffens him witte brûkers faak net goed hoe't de kachels wurkje.

"Ut ûnderfining kin ik sizze dat it faak minsklike flaters binne. It bakje dêr't de kerrels yn falle, moat alle dagen efkes lege wurde, want oan de ein fan de dei sit der faak in lyts laachje op de boaiem en dat kin in opstartprobleem feroarsaakje", leit Hiemstra út.

Automatysk

In pelletkachel wurket kompleet automatysk. Sa regelet de kachel sels hoefolle pellets (fynparse houtkerrels) oft der nedich binne foar in bepaalde temperateur. Dy falle dan fansels út in grutte bak achteryn de kachel yn it bakje dêr't it oanstutsen wurdt. Tefolle kerrels yn de kachel dwaan, kin dus net.

Ferstopping

Wol kin de brâner ferstoppe reitsje troch smoargens, wêrtroch't der net genôch lucht by komt. Dan kinne de pellets net goed brâne en kin der in soad reek ûntstean. Dat is lykwols net gefaarlik. "As je dan ek noch de stekker út it stopkontakt lûke, om't je it net fertrouwe, dan hâldt de fentilator op en dan komt der hielendal in soad reek frij."

Hjirtroch tinke in soad minsken al gau dat it mis is en belje se it alarmnûmer, mient Hiemstra. De brânwacht docht dêrnei in melding fan in brân, om't ek sy somtiden net witte hoe't in pelletkachel wurket.

Foarljochting oan brânwachtminsken

Dêrom nûget de ferkeaper brânwachten no út om ris del te kommen, sadat hy it allegearre útlizze kin. "Dan kin ik harren ynformaasje jaan oer hoe't de kachels wurkje en hoe't je der feilich mei omgean kinne."

Like feilich as sintrale-ferwaarmings-tsjettel

Hiemstra baalt fan it byld dat no sketst wurdt fan in ûnfeilich apparaat: "It is like feilich as in CV-tsjettel, mei sensoaren dy't op temperatuer útskeakelje kinne en in luchtdrukskeakeler dy't de kachel yn- en útskeakelje kin. Dus it is feilich, mar de brûker bepaalt de feiligens ek mei."

Ferslachjouwer Jeroen Boersma is by Theo Hiemstra yn Menaam

Trefwurden: 
Menaam brân reek palletkachel
(advertinsje)
(advertinsje)